Hûs Harns ûnbewenber nei brân

28 okt 2012 - 12:09

In wenning yn Harns is sneontejûn swier skansearre rekke by in brân. It fjoer bruts om njoggen oere hinne út yn de ûnderste wente oan de Prinses Margrietstrjitte. By oankomst fan de earste wein fan de brânwacht, sloegen de flammen al út de foarkant fan it hûs. Ek yn de boppewenning wie fjoer. De bewenners fan beide wenten koene sels út har hûs komme. Net ien rekke ferwûne. De plysje docht ûndersyk nei de brân. Brânstichting wurdt net útsletten.

Trefwurden: 
Harns brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)