Durk Fabriek kampioen triatlon

© awfoto.nl
Durk Fabriek is sneon yn Assen Nederlânsk kampioen wintertriatlon wurden. De 26-jierrige Jobbegeaster hie nei tsien km hurddraven, fyftich km fytsen en tweintich km reedriden in foarsprong fan 36 sekonden op Erik-Jan Spijkerman út Hoorn.
By de froulju wie der ek Frysk súkses. Yvonne Tinga fan Boalsert wûn foar Bianca Broers-Duursma fan De Lemmer.