Leenstra lit foarm sjen

© teamvanveen.nl
Marrit Leenstra hat yn de trainingswedstriden yn it Dútske Inzell har fisitekaartsje ôfjûn. Sawol op de 500 meter as op 1000 meter wie de rydster fan team Van Veen de rapste. Opfallend wie de tiid dy't rydster út Wikel op de kilometer op it boerd sette. Mei 1.15,48 wie Leenstra mar in sekonde stadiger as de rapste seizoenstiid fan de Amerikaanse Heather Richardson. Op de 500 meter klokte Leenstra in tiid fan 38,71.
By de manlju ried Douwe de Vries fan TVM in persoanlik rekôr. De rider fan It Hearrenfean klokte in tiid fan 1.47,51.