Reade loper foar Skotsploech

Yn Ljouwert wie freed in bysûndere filmpremjêre. Yn it Stadhouderlijk Hof lei de reade loper út foar de Ljouwerter Skotsploech. Foar de premjêre fan it sjongspul 'Fryske Trou' is no in film makke. It giet oer âlde Fryske ambachten en tradysjes. Fryske Trou fan Yme Schuitmaker is foar it earst opfierd yn 1919 by it iepenloftmuseum yn Arnhem. Nei de Earste Wrâldoarloch giene dêr út alle provinsjes minsken hinne, om trou te bewizen oan it regear. Dêrnei is it sjongspul geregeld opfierd.
De Ljouwerter Skotsploech hat it útsteld dien om yn 2019 op 'e nij alle provinsjes nei Arnhem komme te litten. It iepenloftmuseum hat al witte litten dat se dat in aardich idee fine. De Ljouwerter Skotsploech is in folkloristyske dûns- en sjonggroep en hat as doel guon fasetten fan de Fryske folkloare yn stân te hâlden en it weardefolle út it ferline oer te dragen troch dûns, muzyk, sang en toaniel.