Kampioenskip fan stedsomropper

Yn Snits wie sneon it Iepen Frysk kampioenskip steds- en doarpsomropper. Henk Bijlsma hat it wûn. Snitser Jan Sjoerd de Vries waard twadde, folge troch Bertus Krabbe út Kampen. Der diene alve omroppers út Nederlân en twa út België mei. In sjuery fan trije minsken beoardiele de dielnimmers op twa ûnderdielen, de ferplichte rop en de frije rop. By dy lêste moast de omropper it eigen doarp oanpriizgje. De ferplichte rop hie as ûnderwerp it nije teater yn Snits.