Maastricht klear foar KH2018

27 okt 2012 - 11:13

Maastricht hat neffens eigen sizzen it meast Europeeske programma, mocht it yn 2018 Kulturele Haadstêd wurde. Maastricht hat freed it bidbook presintearre. De stêd wurket gear mei in tal omlizzende stêden en plakken, mar sjocht ek oer de Belgyske en Dútske grinzen. Maastricht hat al 60 fan de 80 miljoen euro binnen dy't foar de útfiering fan it programma nedich is. Neist Maastricht binne ek Eindhoven, Den Haag, Utrecht en Ljouwert kandidaat foar de titel. De gemeenteried fan Ljouwert praat moandeitejûn oer de finansiering.

Dat definitive riedsbeslút oer de kandidaatstelling is live te folgjen op www.omroplive.nl fan 19.30 oere ôf. Yn septimber 2013 wurdt bekend makke okker Nederlânske stêd Kulturele Haadstêd 2018 wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)