Flyers ferliest nei penalty's

27 okt 2012 - 10:26

De iishockeyers fan de Friesland Flyers fan It Hearrenfean ha freedtejûn nei penaltysjitten ferlern fan Den Haach. De Flyers stiene nei de earste perioade al foar mei 3-0. Den Haach kaam yn de twadde perioade werom ta 3-2. Oan it begjin fan de tredde perioade waard it wer gelyk. Troch penalty's wist Den Haach it winnende punt binnen te heljen. De Friesland Flyers stean no tredde op de ranglist. Sneontejûn spylje de Flyers thús tsjin Herentals út België.

Trefwurden: 
iishockey Friesland Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)