Oerfal op Primera op De Lemmer

27 okt 2012 - 07:37

Der hat freedtejûn in wapene oerfal west op de Primerawinkel oan it Boargemaster Krijgerplein op De Lemmer. De man hie in fjoerwapen by him en droech in bivakmûtse. It is noch net dúdlik at de man wat meinommen hat. De plysje hat ek noch in boargernet oprop dien om nei de fertochte út te sjen. Mar de man is noch net oanholden.

Trefwurden: 
oerfal Primera bivakmûtse
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)