Akkrum lulk oer nije rotonde

Pleatslik Belang Akkrum en in groep bewenners út it plak fiele har net heard by it feiliger meitsjen fan de krusing Boarnsterdyk-De Stringen. Dy krusing leit flakby de nije brede skoalle dy't nei de krystfakânsje yn gebrûk naam wurdt. Pleatslik Belang en bewenners hawwe jierrenlang meipraat oer de werynrjochting fan de krusing en hiene dat graach dwaan wollen mei it 'shared space'-principe. De gemeente hat lykwols neat mei dat plan dien en kiest foar de oanlis fan in minyrotonde. Pleatslik Belang en bewenners fiele har no net serieus naam.