Direkteur AB Vakwerk hâldt op

26 okt 2012 - 18:50

Algemien direkteur Lammert Fopma nimt ôfskie fan AB Vakwerk. Fopma hat sân jier lang lieding oan de útstjoerorganisaasje jûn, dêrfoar hie er der seis jier in oare funksje. Neffens Fopma is it tiid foar in nije stap yn syn karriêre. De Ried fan Kommissarissen en de direksje beriede har noch op de ferfanging fan de algemien direkteur, foarearst docht de finansjeel direkteur de funksje derby.

AB Vakwerk hat fêstigings op ferskate plakken yn Fryslân en Noard-Hollân. It wurket ûnder oare foar de agraryske sektor, bou en logistyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)