Noch 2 Friezen fêst foar Haren

26 okt 2012 - 14:59

De plysje fan Grinslân hat yn it ûndersyk nei de rellen yn Haren fan 21 septimber twa ynwenners fan Boalsert oppakt. It giet om jonges fan 18 en 19 jier. Beide wurde fertocht fan geweld tsjin plysjes, de jongste soe ek brân stiften hawwe. De Boalserters meitsje diel út fan in groep fan seis minsken dy't de ôfrûne tiid nei oanlieding fan plysje-ûndersyk oppakt is.

Dêrneist hawwe har noch fjouwer minsken sels meld om foar te kommen dat har foto op televyzje toand wurdt.

Neist de twa Friezen dy't no oppakt binne, waarden earder al twa Friezen feroardiele foar har rol by de rellen. Dy ûntstiene nei in oprop op Facebook.

Trefwurden: 
Friezen Haren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)