Van Basten wikselet systeem

SC Hearrenfean stapt wer ôf fan it systeem mei fiif ferdigeners. Tsjin Heracles Almelo sil de ploech fan Van Basten fuotbalje yn de fertroude 4-3-3 formaasje. Neffens trainer Marco van Basten is der no mear dúdlikheid binnen it team en wol hy weromfalle op de âlde spylstyl.
"Dat is het meest makkelijk en bovendien is iedereen met 4-3-3 opgegroeid. We willen dit systeem nu verder uitbouwen", sa seit Van Basten. Tsjin Heracles begjint Hearrenfean yn deselde opstelling as tsjin FC Grins.