Van Basten yn byld by AC Milan

26 okt 2012 - 14:36

Marco van Basten is kandidaat om trainer te wurden by AC Milan. De trainer fan Milan, Massimo Allegri, stiet ûnder druk nei in ôffallende kompetysjestart. De Rossoneri steane mei sân punten út acht spile wedstriden op it 15e plak. Yn de Italiaanske kranten wurdt de namme fan Van Basten neamd as mooglike opfolger fan Allegri.

Yn in reaksje jout Van Basten oan dat hy fral mei SC Hearrenfean dwaande is en dat er op dit stuit gjin ferlet hat om nei Italië ta te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)