Oerfal Poiesz-winkel Ljouwert

26 okt 2012 - 11:16

De Poiesz-supermerk oan de Wilgenstrjitte yn Ljouwert is freedtemoarn omtrint 10 oere oerfallen. De oerfaller hat de meiwurkers bedrige mei in wapen en is útnaaid mei in ûnbekend jildbedrach. De plysje is in Burgernetaksje begûn. De oerfaller is in man fan sa'n 20 jier mei in swarte lange jas oan en in petsje op. De man hat ek in bril op. Hy is útnaaid yn de rjochting fan de Abdeelstrjitte.

Trefwurden: 
oerfal Poiesz
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)