Earnewâld wol Alde Feanen

26 okt 2012 - 11:08

Doarpsbelang Earnewâld fynt it skande dat Tytstjerksteradiel syn ferset tsjin it oergean fan de Alde Feanen fan Boarnsterhim nei de gemeente Ljouwert staakt. It gemeentebestjoer fan Tytsjerksteradiel nimt dy stap om't oars de weryndieling fan Boarnsterhim fertraging oprint.

Doarpsbelang Earnewâld wol dat it stik natoergebiet dat no noch yn Boarnsterhim leit by Tytsjerksteradiel komt. Under oare om't yn it doarp it besikersintrum fan it Nasjonaal Park d'Alde Feanen stiet.

Trefwurden: 
Alde Feanen Earnewâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)