Soad bekeurings yn Drachten

26 okt 2012 - 10:46

By snelheidskontrôles yn Drachten binne tongersdei 262 automobilisten bekeurd. De plysje kontrolearre op ferskate lokaasjes. It giet om plakken dêr't in soad klachten binne oer auto's dy't te hurd ride. In motorrider koe syn rydbewiis ynleverje. Dy ried 134 kilometer, dêr't 50 it maksimum is.

(advertinsje)