Ald izer-dieven oppakt yn Sits

26 okt 2012 - 10:05

De plysje yn Snits hat tongersdei trije âld izer-dieven oanhâlden. It giet om twa mannen fan 27 en 38 jier út Snits en in 15-jierrige jonge út de stêd. It trio waard earder yn Marrum trapearre doe't se mei help fan in frachtwein âld izer fuorthellen fan in terrein oan de Botniawei. In tsjûge notearre it kenteken fan de frachtwein en warskôge de plysje. De mannen sitte noch fêst. It âld izer wie al ynlevere by in bedriuw yn Ljouwert. De eigner fan dat bedriuw is gjin fertochte.

Trefwurden: 
Snits âld izer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)