"Kies foar toerisme"

25 okt 2012 - 22:36

De provinsje Fryslân moat dúdliker kieze foar toerisme en rekreaasje. Dat skriuwe de Recron en de Hiswa.

Yn 2014 wurde de Europeeske Struktuerfûnsen foar de regio's yn Europa wer iepene. Brussel hat oanjûn allinnich te ynvestearjen yn kânsrike sektoaren. Noardlike bestjoerders moatte dan kieze hokker sektor dêrfoar yn oanmerking komt. Recron en Hiswa wize op it belang fan de toeristysk-rekreative sektor. De Fryske jachtbou spilet ek in belangrike rol.

Trefwurden: 
toerisme Hiswa Brussel Recron
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)