T'diel jout striid op

25 okt 2012 - 21:35

Tytsjerksteradiel ferset him net langer tsjin de weriendieling fan natoergebiet De Alde Feanen fan Boarnsterhim by de gemeente Ljouwert. Dat hat it kolleezje fan B en W witte litten oan minister Spies fan Ynlânske Saken. Sa wolle se foarkomme dat de weryndieling fan Boarnsterhim bot fertraging oprint.

De gemeente fynt noch altyd dat it natoergebiet eins by Tytsjerksteradiel heart. Ferskate boarnen yn De Haach hawwe witte litten dat it beswier eins gjin kâns makket en allinnich foar fertraging soargje sil.

De gemeente hopet wol dat der yn de takomst opnij oer diskusearre wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)