Bokma stoarn

Der waard net yn de beerenburch spuid op De Lemmer
De lêste telch út it ferneamde distillearderslaach Bokma, Piet Coert Bokma, is moandei yn syn wenplak Ljouwert stoarn. Dat hat syn famylje bekend makke. Heit en pake Bokma rjochten harren foaral op âlde jenever, mar dêr kaam yn 1967 feroaring yn doe't oergien waard op jonge jenever. Allinnich Piet Coert Bokma koe de geheime resepten.
De distillearderij ferhuze yn 1988 fan Ljouwert nei Zoetermeer. Twa jier letter naam Piet Coert Bokma ôfskied fan it bedriuw. Hy is 80 jier wurden.