'Seehûn efter dea brúnfisken'

De grize seehûn sit nei alle gedachten achter de dea fan brúnfisken. Belgyske wittenskippers sizze dêr goede oanwizings foar te hawwen. Sa past it gebit fan de seehûn goed yn de ferwûnings fan de deade brúnfisken. Earder waard noch tocht dat de bisten yn de skroeven fan skippen telâne kamen of yn de netten fan fiskers. Dat is ek it gefal seit ûndersiker Mark Leopold fan it Nederlânske ûndersykssintrum Imares, mar it liket oannimlik dat de grize seehûn ek jacht makket op de brúnfisk.
It wie oant no ta net bekend dat seehûnen ek brúnfisken oanfalle. De Nederlânske seehûn soe dêrmei unyk wêze sa stelt Imares. Lenie 't Hart fan de seehûnecreche yn Pieterburen neamt de konklúzje 'pure kolder' om't soks ûnmmooglik wêze soe.