Frans Hoek-keepersdei Burgum

Op it fuotbalfjild fan BBC yn Burgum wie tongersdei de KNVB Frans Hoek Sports keepersdei. Mear as 80 bern yn de leeftiid fan 6 oant 16 jier krigen les yn fallen, dûken en ien op ien spyljen. De organisaasje fan de ferneamde keeper Frans Hoek jout elk jier trainings yn it hiele lân, tongersdei wie dat yn Burgum.
De dei begûn mei in warming-up en in training. Letter wiene der keeperswedstriden en demonstraasjes fan ûnder oare de Fryske keeper Harmen Zeinstra fan fc Emmen. Frans Hoek wie der sels net, hy hie oare ôfspraken.