Grutte skea brân Jiskenhuzen

Brânwacht © ANP XTRA
In wenhûs yn Jiskenhuzen hat grutte skea oprûn troch in brân. De bewenner hie in wokpanne te lang op it fjoer stean litten. De brân gong fan de keuken nei de boppeferdjipping. De brânwachtkorpsen fan Sint Nyk, Langwar en It Hearrenfean hawwe de brân blust. In part fan de dyk waard ôfset. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. De reptilesamling fan de bewenner is yn feilichheid brocht.