Grinzers mei tassen fol fisken

25 okt 2012 - 12:28

Twa ynwenners fan Grins binne woansdeitejûn yn Burgum oanhâlden mei twa tassen fol fisken. De plysje seach de mannen, fan 62 en 70 jier âld, by de jachthaven oan de Burgumerdaam. By it kontrolearjen fan de tassen die bliken dat de Grinzers mear as 250 fisken by har hiene, wêrfan't in grut part al dea wie. De mannen binne oppakt foar dieremishanneling en oertrêding fan de fiskerijwet. De fisken dy't noch yn libben wiene binne wer frij litten yn it wetter. De deade fisken binne nei Aqua Zoo yn Ljouwert brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)