Friesland College wer sûn

25 okt 2012 - 11:09

It Friesland College stiet net langer ûnder ferhege finansjeel tafersjoch fan de Underwiisynspeksje. Dat beslút hat de ynspeksjetsjinst in wike ferlyn nommen. Yn 2010 rekke de grutste MBO-skoalle fan Fryslân yn finansjeleel swier waar troch ûnder oare hege salariskosten en djoere gebouwen. Dat wie doe reden foar de Underwiisynspeksje om de skoalle ûnder tafersjoch te stellen. Troch reorganisaasjes stiet de ROC der no wer better foar.

De Volkskrant meldt tongersdei dat it Friesland College op de swarte list fan de ynspeksje stiet en yn jildproblemen driget te kommen. Bestjoerder Frans van Hout meldt oan Omrop Fryslân dat dêr gjin sprake fan is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)