Rydbewiis hurdrider ynnaam
In 28-jierrige ynwenner fan Ljouwert is woansdei syn rydbewiis kwytrekke omdat er 60 kilometer te hurd ried op de Aldlânsdyk. Doe't de plysje de man oanhold die bliken dat de man noch ferskate oare ferkearsboetes iepenstean hat. Dêrom is de auto fan de man tydlik in beslach naam en is de man syn rydbewiis kwyt rekke.