Man smyt snack yn fet werom

© Omrop Fryslân
In 33-jierrige man út Kollumersweach wie sa ûntefreden oer in snack dy't er kocht hie yn in snackbar oan de Snekertrekweg yn Ljouwert, dat er bûten sinnen rekke. Hy smiet de snack sa hurd yn it hite fet dat de hiele keuken derûnder kaam te sitten. De meiwurkers koene krekt op tiid oan de kant springe om it hite fet te ûntwiken. De man gie fuort mei de auto, mar waard even letter op it Zuiderplein oanhâlden troch de plysje en krige in bekeuring.