Zorgbelang begjint meldaksje

Zorgbelang Fryslân is úteinset mei in meldaksje nei de gefolgen fan it steapeljen fan soarchkosten. Neffens Zorgbelang kinne kwetsbere groepen lykas handicapten of groanysk siken der hûnderten euro's op jierbasis op achterút gean troch alle besunigings en eigen bydragen. Foaral groepen dy't troch ferskate maatregels tagelyk troffen wurde kinne in soad jild ekstra kwyt wêze.
Zorgbelang wol graach witte wat it effekt krekt is en freget de minsken dêrom om in enkête op har site yn te foljen. Yn 2011 diene 1600 minsken dat.
Foar dit jier hopet Zorgbelang op noch folle mear dielnimmers, omdat de gefolgen fan it steapeljen fan de soarchkosten hieltiid dúdliker begjinne te wurden. Zorgbelang wol ek graach witte wat de gefolgen fan de maatregels binne op it deistich libben fan de pasjinten. De resultaten fan it ûndersyk wurde nei ferrin fan tiid oanbean oan de lanlike en gemeentlike polityk. Minsken dy't it lestich fine om de enkête online yn te foljen kinne ek belje mei Zorgbelang op tillefoannûmer 058-2137138.