Grûn nijbouhuzen goedkeaper

24 okt 2012 - 14:08

De gemeente Dongeradiel ferleget de grûnprizen foar boukavels ta it âlde nivo foar de BTW-ferheging. It giet allinnich om grûnstikken foar wenhuzen. It kolleezje docht dat om de BTW-ferheging te kompensearjen.

It is al swier genôch foar minsken om yn dizze drege ekonomyske tiden in kavel te keapjen, fynt de gemeente. De BTW-ferheging fan 19 nei 21 prosint kin krekt de reden wêze om dat mar net te dwaan. Wethâlder Van der Ploeg wol de minsken oanmoedigje om in kavel te keapjen troch de priis gelyk te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)