Steatsboskbehear kapt beammen

© Omrop Fryslân
Steatsboskbehear sil de kommende wiken op twa plakken yn de provinsje beammen kappe. It giet om 3,5 hektare yn 'e Schwarzenberger bosk by Noardburgum en in doarpsboskje fan 1,5 hektare by Bartlehiem.
By Noardburgum wurdt de bosk úttinne en by Bartlehiem wurdt it hiele boskje delhelle. It giet dêr om popelieren dy't plante binne foar de houtopbringst. Op dat plak krije no bjirken en essen en strûken lykas lysterbeien de mooglikheid om in nij bosk te foarmjen.