Wol faker spoarblokkearrings

24 okt 2012 - 12:21

De NS hat treinmasinisten warskôge foar gefaar by de spoarweioergong De Blesse, nei't dêr snein in trein oer in ferkearsboerd hinneriden is. De lêste dagen hawwe ûnbekenden in pear kear guod op de rails lein. Dat is libbensgefaarlik.

De botsing mei it boerd kaam net hurd oan, omdat de masinist remme. De passazjiers hawwe der hast neat fan fernaam. De trein hat net stilstien, mar der wie wol skea. In botsing mei in blok beton koe dêrnei foarkaam wurden, omdat de warskôge masinist alfêst stadiger ried en remje koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)