Lederhose-man slacht plysje

24 okt 2012 - 10:03

In plysjeman is sneontejûn mishannele by it Oktoberfest op 'e Jouwer. De plysjeman wie krekt yn in arrestantebus stapt, doe't in ûnbekende man de doar iependie en him ferskate kearen tsjin de holle sloech. Dêrnei naaide de man út. It giet om in Frysk pratende man fan 1 meter 80. De man hie in lederhose mei read blokjebloeske oan.

De plysje moast op it feest yngripe by fjochterijen by de feesttinte. Dêr is ek in plysjehûn by ynset dy't ferskate minsken biet. Op grûn fan kamerabylden ferwachtet de plysje mear oanhâldings dwaan te kinnen.

Trefwurden: 
plysje mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)