Feroardiele man sil ferhúzje

23 okt 2012 - 22:34
  • Doeke Oosterbaan fan Pleatslik Belang hat mei de feroardiele man praat.
  • Doeke Oosterbaan, foarsitter fan Pleatslik Belang Terkaple
  • Rein Swart fan wenningbouferiening Accolade
  • Lokoboargemaster Janny Schouwerwou fan Skarsterlân
  • Dizze doarpsbewenner wie it net iens mei de gong fan saken

De man (55) út Terkaple dy't freed feroardiele waard foar it besit fan berneporno, sil ferhúzje. Neffens Pleatslik Belangfoarsitter Doeke Oosterbaan hat de man him dat tasein. Yn Terkaple ûntstie dit wykein reboelje omdat in bewenner ta 12 moanne sel feroardiele waard, wêrfan 4 ûnder betingst, omdat er berneporno yn besit hie. Tiisdei wie de man net thús.

Wenningbouferiening Accolade siket oare wenromte. Jûns kamen sa'n 50 doarpsgenoaten byinoar om oer de saak te praten. Neffens Oosterbaan is der ferromme op de tasizzing reagearre.

Wenningbouferiening Accolade sil no besykje om ien en oar sa gau mooglik te regeljen, mar hat sels noch gjin kâns hân om mei de man te oerlizzen.

(advertinsje)