Aris wint fan Den Helder

23 okt 2012 - 22:12

De basketballers fan Aris ha tiisdeitejûn mei 99-60 wûn fan Den Helder. Aris wie folle sterker as Den Helder. Nei in sterk earste kwart wie it gat al slein: 36-12. It twadde kwart wie foar de gasten mei 22-16. Nei it skoft kaam der wer in aardige rite fan de Ljouwerters yn sporthal It Kealledykje: 29-6. De Helder wûn it lêste kwart mei 20-18. Valentijn Lietmeijer wie mei 23 punten de tûkste Aris spiler.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)