Run op motorrydbewiis

It tal minsken dat besiket om in motorrydbewiis te heljen nimt de lêste tiid spektakulêr ta. Yn guon gefallen melde har mear as twa kear safolle minsken by de ferkearsskoalle. It giet meastentiids om minsken ûnder de 24 jier, want foar harren wurdt it takom jier in stik dreger om it rôze paske te heljen of om oer te stappen nei swierdere motoaren.
Op 19 jannewaris 2013 geane de nije regels yn. Dat kin betsjutte dat takom jier minder minsken besykje sille om it motorrydbewiis te heljen.
Eigener Berend Knol fan ferkearsskoalle Knol yn Ljouwert hat it der dizze dagen tige drok mei.