Unrêst oer berneporno Terkaple

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Terkaple komme tiisdeitejûn byinoar om te praten oer de ûnrêst yn it doarp. In doarpsgenoat is freed feroardiele ta 12 moanne finzenisstraf, wêrfan 4 op betingst, foar it yn besit hawwen fan berneporno.
De gemeente, wenningstichting Accolade en de plysje binne ek by de gearkomste. Pleatslik Belang fan Terkaple hat de gearkomste op tou set. Ut namme fan de gemeente sil loko-boargemaster Janny Schouwerwouderby wêze. De gearkomste is achter sletten doarren, mar nei ôfrin wurde de media wol te wurd stien.