Striemin jier foar blesguozzen

23 okt 2012 - 14:44

Der sitte hast gjin jonge blesguozzen tusken de fûgels dy't weromkomme út Ruslân. De soart hat in striemin briedseizoen meimakke. Ut tellings yn Nederlân en grinsgebieten yn Dútslân docht bliken dat mar fiif oant tsien prosint fan de aaien dit jier útbret is.

Mei sa'n lyts bytsje jonge fûgels is dit briedseizoen ien fan de fiif minsten fan de ôfrûne fyftich jier. Der binne net genôch jonge fûgels om it tal blesguozzen op peil te hâlden.

Minder guozzen betsjut net dat wy dat yn Fryslân ek fernimme. Troch min waar kinne der bygelyks in soad fûgels út Dútslân dizze kant opkomme. De blesgoes is de meast foarkommende guozzesoart yn Fryslân. It minne briedseizoen past wol yn in trend: sûnt 1990 nimt oer it generaal it briedsúkses ôf.

Trefwurden: 
blesgoes blesguozzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)