Toskedokter tydlik yn bus

23 okt 2012 - 12:31

Nei de brân fan begjin dizze moanne hawwe de trije Surhústerfeanster toskedokters wer plak. Toskedokter Ria van der Meer hat as lêste plak fûn. Yn in bus oan 'e Lauwerswei behannelet se har pasjinten. De oare twa toskedokters sitte tydlik yn in makelerskantoar yn Surhústerfean.

Van der Meer hopet begjin novimber oer te gean nei in ferboud kantoargebou. Har bus stiet dêr no neist. It duorret seker noch in jier foardat it toskedoktersgebou yn Surhústerfean wer klear is.

Trefwurden: 
Surhústerfean toskedokter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)