Lestige treinreizger oppakt

23 okt 2012 - 11:14

De plysje hat moandeitejûn in 20-jierrige Harnzer oppakt, neidat dy besocht hie in treinkondukteur te slaan. Dat wie neidat de man út de trein fan Ljouwert nei Harns set wie, omdat er gjin jildich kaartsje by him hie.

Yn 'e trein hie de man him ek al ferfelend gedroegen. De man is troch de plysje meinaam nei it buro en dêr fêstset foar ûndersyk.

Trefwurden: 
trein kondukteur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)