Tips oer brânstichting socht

© Omrop Fryslân
De plysje hat noch gjin tips krige oer de brânstifting fan dit wykein yn Droegeham. Dêr ûntstie skea oan in wenhûs, neidat der wat eksploidearre wie by de foargevel. Koartlyn wie ek al in rút ynsmiten by it hûs.
It echtpear dat yn it hûs wennet hat gjin idee wa't harren wat oandwaan wol. De plysje hat dêr ek noch gjin idee fan. Der binne gjin oanknopingspunten. De plysje siket dêrom minsken dy't mear oer de saak fertelle kinne.