Truck ferliest tsjillen op A7

© www.stock.xchg
In Poalske frachtwein hat moandeitejûn op de A7 by It Hearrenfean twa tsjillen ferlern. Dat wie doe't de sjauffeur de ôfslach nei Wolvegea naam. Dêrby fleagen de twa tsjillen fan de oanhinger.
Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat nei it pleatsen fan in nije as de skroeven fan de tsjillen net goed oandraaid wiene. Dêrom fleagen de tsjillen derôf. De oanhinger moast fuortsleept wurde. De dyk rûn skea op troch it ûngelok.