Ree befrijd út stek

© Rudy Bouma, 112sudwestfryslan.nl
De plysje hat moandeitejûn yn Snits holpen in ree te befrijen út in stek. Dat wie yn in hartekamp oan 'e Sytsingawiersterleane. It bist siet mei it gewei fêst yn it stek. It stek wie losrekke en it bist koe sels net mear loskomme.
Mei help fan in fersoarger koe de ree fongen en it gewei út it stek weihelle wurde. It bist hie ek ferwûnings oan 'e rêch. Dy binne behannele troch in feedokter.