Aksjes by Dunlop Drachten

23 okt 2012 - 07:35

De fakferienings FNV, De Unie en CNV fiere dizze en takom wike aksje by bedriuwen dy't wurkje yn de keunststof- en rubberyndustry. Ien fan dy bedriuwen is Dunlop yn Drachten. Reden foar de aksjes by de poarte is dat der gjin CAO is foar de wurknimmers. In petysje fan de bûnen, ûndertekene troch 1300 personielsleden om de wurkjouwers oan de ûnderhannelingstafel te krijen, is negearre en dus folgje der no aksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)