Lange file troch ûngemak

22 okt 2012 - 21:48

Op de A7 by Mearum binne moandeitejûn twa ynsittenden fan in bestelbuske ferwûne rekke by in ûngemak. De sjauffeur fan it buske rekke by it ynheljen fan in frachtwein de macht oer it stjoer kwyt en it buske bedarre yn de feart.

De bestjoerder is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht. It is net bekend hoe't syn byrider der oan ta is. As gefolch fan it ûngemak ûntstie der in file fan goed 10 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)