Asbest fûn by bou garaazje

22 okt 2012 - 21:42

De bou fan 'e nije parkeargaraazje yn 'e Oosterstrjitte yn Ljouwert leit in wike stil. Der is asbest fûn dat earst fuorthelle wurde moat. De parkeargaraazje wurdt boud op it plak dêr't it Hege Hûs stiet. Yn dat gebou wie al in asbestynventarisaasje dien. Mar no docht bliken dat der mear asbest yn sit.

De parkeargaraazje moat op 1 jannewaris 2014 oplevere wurde. Projektlieder Ynze Haitsma fan 'e gemeente Ljouwert ferwachtet dat te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)