Posityf oer natoerferbining

Boargemaster Van Klaveren fan Weststellingwerf ferwachtet ynkoarten dúdlikens oer de ferbining tusken natoergebieten De Rottige Meente en Weerribben-Wieden. Der wurdt al jierren sprutsen oer in ferbining tusken de twa gebieten.
It folle gruttere Weerribben-Wieden leit yn Oerisel en De Rottige Meente yn 'e gemeente Weststellingwerf yn Fryslân. Van Klaveren seit dat de deputearren fan Fryslân en Oerisel no posityf binne oer in ferbining. Dy ferbining is wichtich foar de gemeente Weststellingwerf.