Dochs brânstichting Droegeham

22 okt 2012 - 14:39

De brân yn Droegeham fan sneontenacht is oanstutsen. Dat hat de plysje moandei bekend makke. De foargevel fan it hûs waard yn 'e brân stutsen. De plysje stiet foar in riedsel, mar giet út fan in bewuste aksje tsjin de bewenners, in âlder echtpear.

De plysje hat de bewenners it advys jûn it hûs út te gean, as se harren net mear feilich fiele. In pear moanne ferlyn waarden ek al de ruten ynsmiten fan it hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)