"NS kin leare fan Arriva"

De ûnderfinings fan Arriva mei treinferfier yn de winter soe as foarbyld jilde moatte foar de NS. Neffens organisaasje-advysburo Twijnstra Gudde kin de NS in soad leare fan de oanpak fan ferfiersbedriuw Arriva yn it Noarden. De Twadde Keamer praat tiisdei mei minister Schultz Van Haegen oer de problemen dy't de NS mei it winterwaar hat.
It advys fan Twijnstra Gudde is makke yn opdracht fan de Federaasje Mobiliteitsbedrijven Nederland. Dat is in organisaasje fan regionale ferfierders. Arrivadirekteur Hettinga is FMN-foarsitter.