Wer aksje foar swimbad Frosk

Komitee De Frosk komt wer yn aksje foar it skoalswimmen yn de gemeente Dantumandiel. De gemeente wol dat ôfskaffe om't der gjin jild mear foar is. Earder rôp it komitee de gemeente op om mei in oplossing te kommen.
Neffens boargemaster en wethâlders soe de gemeenteried mei in útstel komme moatte, mar it komitee hat oant no ta neat heard. Dêrom wol it komitee mei help fan de skoallen de riedsleden derta sette om mei in oplossing te kommen. It komitee hopet dat de skoalbern mei yngong fan jannewaris wer swimles krije.