Slang op oerloop yn Drachten

22 okt 2012 - 12:01
  • Slang op oerloop yn Drachten
  • Gregory Cornelis Los (11) ûntduts de slang

Bewenners fan in wenhûs yn Drachten krigen sneintejûn de skrik fan harren libben doe't se in slang op 'e oerloop lizzen seagen. De man en syn soan wiene yn panyk en se doarden de slang net te pakken. In buorman fan in pear huzen fierderop hat dermei rêden.

It giet om in net giftige ratteslang fan 60 oant 70 sintimeter lang. De huzen oan it Vallaatsterend binne oaninoar fêstboud. Mooglik dat de slang oer de souder de wente ynkrûpt is. De slang is oerbrocht nei biste-opfang De Fûgelhelling yn Oerterp. Dy siket no de eigener.

Trefwurden: 
slang
(advertinsje)